Bedriuw
Yn maaie 2000 waard it bedriuw 'Nij Fenwierstra' oankocht en bebuorke troch doe noch de Mts. Roorda fan Reduzum en Raerd.
Broer en Elizabeth wenje hjir no sûnt juny fan dat jier.Yn desimber 2005 kaam Age derby.
Yn april 2009 is de maatskip ûntbûn. By it bedriuw heart in 41 ha kultuergrûn. De gebouwen bestienen út in lisboksenstâl (1976) mei 90 grutfeeplakken en 25 jongfee en in jongfeestâl/wurktugenloads mei deroanfêst it wenhûs (1985). Fierder stiet der noch in dongsilo fan sawat 2000 m3 út 2004. Yn 2009 is begongen mei it bouwen fan in nije stâl mei 118 lisplakken, in flakke flier en sân yn de lisboksen. Twa kear deis wurd hjir de stront út skood mei de BCS kniktrekker mei Wifo rubberskoboerd. De stront komt earst yn de 400 m3 grutte besinkput, ek hjir twaris deis mongen en dernei geregeldwei ferpompt nei de skieder. De tinne fraksje giet de silo yn, de droege útknypte dong giet op de rûchskerne. Foar in part wurd dit ôffierd, it oare wurd útriden. De trije-rigelige stâl kin skielk maklik yn de breedte ferdûbele wurde.Op it plak fan de eardere loads befynt him no de nije draaimelkstâl.
It giet om in 34-stâns bûtenmelker werby it massyf betonnen platfoarm rêst op in draaikrâns.
De frije oerstek dy't dit ûntwerp moochlik makket biedt romte oan it nijste systeem fan melken.
Tegearre mei Fa. Jan Castelein, SAC melktechnyk (Skearnegoutum) en Fa. Westra (Ealehuzen) binne alle ideén yn RVS útfierd.
De kij stean foar melken te wachtsjen yn in aparte wachtromte en kinne nei melken útskifte wurde.
Yn de melkstâl kin yndifiduiel fuorre wurde wylst ek yn de stâl apart noch krêftfoer op te heljen is.
De molke wurd opslein yn in De Laval silotank fan 15.000 mingel. Der is fierder in skjinne romte mei koken, húske en brûs. Sûnt 2010 wurd de (oankochte) mais opslein yn in toersilo (wandhichte 19 m,trochsneed 7.2 m). De eigen kûle sit yn de sleufsilo fan 40 m lang en 10 m breed. Hjir binne twa fan dy't jierliks om en om brûkt wurde. Ek simmerdei bliuwe de kij binnendoar en sil der kûle fuorre wurde. Yn 2010, 2011 en 2012 is der stâlfuorre. Hast alle lânwurk wurd útbestege, yn 2015 ;
- slanghaspelsysteem 'Veenhuis' Hoekstra, Eastersee
- seaddebedongje Vd Goot, Sondel en J.Roorda,Reduzum
- floeibere keunstdong Kastelijn, Twizel
- meanen J.Roorda, Reduzum
- skodzjen diels J. Roorda, Raerd
- hakselje, ynkûlje Sj.Nauta, Grou
- lânferbettering Heeringa, Tersoal
- mobyl kraanwurk G. de Vries, Wytgaerd